Haulerwijk

Nijs cd Jaap Louwes & De LosseBinde

Nijs cd Jaap Louwes & De LosseBinde

It hat even duorre mar foar de leafhawwers is it safier: d’r is in nije cd fan Jaap Louwes. Mei De LosseBinde hat de Haulerwykster trûbadoer ûngefear in jier lang wurke oan de opnames yn de studio fan Bonne van der Wal (Ljouwert) om de 15 ferskes d’r sa moai mooglik op te setten.

Neist Bonne as bassist bestiet de Binde ùt gitarist Nathaniel van Veenen en slachwurker Jelle Gietema. Dizze supermuzikanten soarchje foar in prachtig passende begelieding/oanfulling fan de ferskes fan Jaap Op de cd stean 15 nûmers, 12 dèrfan binne noch net earder op de plaat set bygelyks 'Memmen by it stek', 'Spikerjack' en 'In Nij Begjin'. Fierder stean d'r nije nûmers op en bysûndere gearwurkingen lykâs in duet mei de ferneamde sjongeres Griet Wiersma ('Tegearre') en de Fjouwer Trûbadoers ('Dan die ik it mei dy'). As in soart fan tajefte/bonus stean d'r aktuele útfieringen op de cd fan âlde bekinden: 'De Lift' en 'Famke'.

BELANGSTELLING?

De cd 'Set 'm op' is fanôf 12 augustus te keap yn Haulerwyk by Kapper Steenhuis en op de Meester Van Ekstraat 27. Fierder is de plaat te bestellen fia de site Jaaplouwes.nl

Mooglik komme d'r noch spé;sjale optredens/aksjes om it ferskynen fan de cd te fieren. Nijs hjiroer is ek te finen op Jaaplouwes.nl en Facebook.

Terug naar overzicht

Deze website is van Ondernemersvereniging Haulerwijk